Gryn wurdt earste natoergebiet op Google Street View

03 okt 2015 - 08:03
  • Mei in spesjale kamera wurdt Gryn yn byld brocht

It net tagonklike waadeilân Gryn (Griend) stiet fan begjin 2016 ôf op Google Street View. Dat is it resultaat fan in gearwurking tusken Natuurmonumenten en Google. Gryn is it earste natoergebiet dat op dy wize firtueel tagonklik wurdt, dêrnei folgje folle mear natoergebieten en monumintale gebouwen, mei-inoar 25.

In delegaasje fan Natuurmonumenten en Google gie fan 'e wike in dei nei Gryn om mei in spesjale kamera alle foto's foar Street View te meitsjen.

Krekt omdat der gjin minsken op Gryn komme meie, is dit eilân útsocht om as earste firtueel tagonklik te meitsjen. Sa kin men dochs it eilân besjen, sûnder dat de tûzenen fûgels op it eilân fersteurd wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)