Dôfhûdige Ljouwerter sûnder rydbewiis ferspilet auto

02 okt 2015 - 12:09

Syn rydbewiis wie hy al kwyt, mar sûnt tongersdeitejûn moat in 26-jierrige Ljouwerter it ek sûnder syn auto dwaan. De plysje naam de auto yn beslach doe't se de man foar de tredde kear achterinoar sûnder rydbewiis yn syn auto riden seagen.

De dôfhûdige man waard yn de Droppingstrjitte oan de kant set. Der is ek proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
rydbewiis Droppingstrjitte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)