DIFDD giet freed troch

05 apr 2012 - 21:04

De útstjoering fan Doch it foar dyn doarp giet freed gewoan troch. Dat is tongersdei besletten troch de programmamakkers en de doarpsbewenners fan Gerkeskleaster-Strobos. De útstjoering sil wol oanpast wurde.

Twa motorriders rekken by in stunt yn de útstjoering fan tongersdei ferwûne. Ien fan de manlju is mei in harsenkniezing oerbrocht nei it sikehûs yn Grins, mar mocht de jûns alwer nei it sikehûs yn Ljouwert. De oare leit mei in stikken skouder en ankel yn it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)