Fabryk Philips Drachten de op-ien-nei bêste fan Europa

02 okt 2015 - 10:13
  • Philips

It produksjefabryk fan Philips yn Drachten is de op ien nei bêste fan Europa op it mêd fan ynnovaasje. Dat docht bliken út de ferkiezing fan de international business schools yn Dútslân. It Drachtster fabryk moat allinnich it Britske Bentley foar gean litte.

Philips Drachten hat grutte nammen as it Dútske BMW ferslein. It bedriuw skoart neffens âld-direkteur Rob Karsmakers goed, trochdat it altyd yn ûntwikkeling is. Ek is it bedriuw yn it foardiel om't de produkten op itselde plak makke wurde dêr't se ek betocht wurde.

Karsmakers seit dat de Fryske mentaliteit fan de meiwurkers ek in rol spilet. Nettsjinsteande dat sy de priis wûn hawwe, wol it bedriuw ek yn de takomst ynnovatyf bliuwe. Foar direkteur Rob Karsmakers wie dit in moaie ôfsluter fan syn karriêre by Philips. Hy naam dizze wike ôfskie fan it bedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)