Gjin ferfolging Drachtster foar dea frou

02 okt 2015 - 09:50
  • Helpferlieners dwaande oan de Wetterlely yn Drachten

It Iepenbier Ministearje sjocht ôf fan fierdere ferfolging fan de Drachtster (55), dy't fertocht waard fan belutsenheid by de dea fan syn frou (55). De frou kaam op 11 febrewaris ferline jier om it libben doe't se mei har scootmobyl te wetter rekke. Geande it ûndersyk ferklearre de man dat hy syn frou yn it wetter treaun hie. Dêrfan binne gjin bewizen fûn, ek net nei spoare-ûndersyk en it hearren fan tsjûgen.

It Iepenbier Ministaerje giet der no fan út dat de psychyske tastân fan de man fan ynfloed west hat op syn ferklearring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)