Bouwmeester is lieding kwyt

05 apr 2012 - 20:28

Marit Bouwmeester hat op de fjirde dei fan it wrâldbekersilen op Mallorca har kopposysje ferspile. Marit sylde yn har Laser Radial nei in 14e en 10e plak. De Spaanse Alicia Cebrian waard 6e en 19e. Marit koe de 14 punten as minste resultaat oant no ta ôflûke, Cebrian mocht de 19 punten skrasse. De Spaanse is no earste mei 27 punten, Marit Bouwmeester hat 33 en de Belgise Evi van Acker 37.

Pieter-Jan Postma stiet 20e yn de Finn, Roelof Bouwmeester is 65e yn de Laser.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)