KNMI warskôget mei koade giel fanwege mist

02 okt 2015 - 07:45

It KNMI hat foar it hiele lân koade giel ôfjûn fanwege de mist, dy't pleatslik hiel ticht wêze kin. It sicht is op guon plakken minder as 100 meter. De mist sil yn de rin fan de dei ferdwine.

Tongersdeitemoarn wie der by Lauwerseach in deadlik ûngelok wêrby't twa minsken omkamen. It gie om in echtpear út Roden fan 58 en 61 jier. De tichte mist wie nei alle gedachten de oarsaak. fan it ûngelok.

Trefwurden: 
mist koade giel KNMI
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)