Berging omfallen kranen Alphen aan den Rijn begjint

02 okt 2015 - 07:34

Yn Alphen aan den Rijn is freedtemoarn begûn mei de berging fan de twa kranen dy't op 3 augustus omfoelen mei de brêge fan it Burgumer bedriuw BSB. It is net dúdlik hoe lang it wurk krekt duorje sil, omdat net dúdlik is hoe't de ûnderdielen opinoar reagearje wannear't se út inoar helle wurde.

Ek moat der hiel hoeden wurke wurde om foar te kommen dat der noch mear skea ûntstiet. By it wurk wurdt in kraan brûkt fan 60 meter heech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)