Boalserter pakt foar it yllegaal hâlden fan rôffûgels

01 okt 2015 - 16:58
  • Tsjerkûle

In 39-jierrige man út Boalsert is oanhâlden om't er rôffûgels yn huzen yn Boalsert en Boelensloane hie. By in kontrôle fan de NVWA, Steatsboskbehear en de plysje waarden woansdeitemiddei ferskate fûgels oantroffen.

It giet om fjouwer mûzebiters, in tsjerkûle en in hauk. De bisten hiene net de goeie poatringen en der wiene gjin offisjele papieren. De fûgels binne oerbrocht nei in fûgelopfangsintrum. De eigener hat frijwillich ôfstân dien fan de bisten.

Der wurdt in proses ferbaal tsjin de fertochte opmakke. Hy is wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)