Hendrikus Venema nije programmadirekteur 'Rijke Waddenzee'

01 okt 2015 - 16:43
  • Hendrikus Venema

Hendrikus Venema is de nije programmadirekteur fan it Programma naar een Rijke Waddenzee. It ministearje fan ekonomyske saken hat Venema beneamd. It Programma naar een Rijke Waddenzee hat as doel om tusken 2015 en 2018 te wurkjen oan natuerherstel en it duorsumer meitsjen fan it waadgebiet.

De hoop is dat it natuergebiet hjir sterker fan wurdt foar de takomst. Under oaren de fiskmigraasjerivier by de Ofslútdyk is ûnderdiel fan dit programma. Venema hat earder wurke by Rykswettersteat en hat studearre oan it Van Hall yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)