Henk Bloemhoff riddere

05 apr 2012 - 19:41

De Stellingwerver taalkundige Henk Bloemhoff is tongersdei by it 40-jierrich jubileum fan de Stellingwarver Schrieversronte yn Noardwâlde beneamd ta ridder yn de oarder fan Oranje Nassau. Bloemhoff krige de ridderoarder opspjelde troch boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf.

Bloemhoff hat in soad foar it Stellingwerfsk betsjutten as taalkundige en wurdboekmakker. Ek wie hy in skoft foarsitter fan de Stellingwerver Schrieversronte. Redakteur Jannes Westerhof fan tydskrift De Ovend krige de Stellingwarftrofee.

Neffens boargemaster Oosterman is it Bloemhoff troch syn krewearjen en publikaasjes slagge om it Stellingwerfs te profesjonalisearjen en op in heger plan te bringen. Op de jubileumgearkomste waard ek stilstien by it beslút fan minister Spies fan Ynlânske Saken om it Nedersaksysk gjin hegere beskerming te jaan. Foarsitter Ype Dykstra fan de Schrieversronte neamde dat beslút 'bysûnder ûnferstannich'. De minister is noch net fan de Stellingwervers en de oare Nedersaksen ôf, sa sei er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)