Plysje leit wurk del

05 apr 2012 - 18:38

De plysje sil takom wike foar in part it wurk dellizze. Op woansdeitemoarn wurdt allinnich yn need útrukt. Meiwurkers wurde oproppen om nei de plysjeburo's yn Ljouwert en Drachten te gean foar aksjegearkomsten.

De plysje fiert al langer aksje foar in bettere CAO. It giet net allinne om mear jild, mar bygelyks ek om it wol of net earder mei pensjoen gean. Earder waard in aksje ûnder in fuotbalwedstriid fan Cambuur troch de rjochter ferbean.

Trefwurden: 
staking CAO plysje aksjes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)