Rêstige, mar kâlde earste nacht foar flechtlingen yn Warkum

01 okt 2015 - 15:04
  • De flechtlingen yn Warkum brochten de earste nacht troch op fjildbêden
  • De buertsportcoaches yn Warkum
  • Yn Gerkeskleaster brochten minsken guod foar de flechtlingen
  • Flechtlingen yn Kollum

De 140 flechtlingen dy't woansdei nei Warkum moasten hawwe in rêstige, mar wol kâlde earste nacht hân yn sporthal De Rolpeal. Se moasten sliepe op fjildbêden. De oare bêden stienen noch op It Hearrenfean. Troch logistyke problemen slagge it net dy op tiid yn Warkum te krijen.

Ek binne in soad minsken ferkâlden en is der gebrek oan medisinen, sizze flechtlingen. De gemeente Súdwest-Fryslân is drok dwaande de problemen op te lossen. De ferwaarming sil oanset wurde en ek sil goed sjoen wurde nei wat der noch mear nedich is.

Yntusken binne buertsportcoaches úteinset mei it organisearjen fan aktiviteiten. Nei alle gedachten moatte de flechtlingen moandei sporthal de Rolpeal wer út. Wer't se dan hinne gean is noch net bekend.

Ek de flechtlingen yn Gerkeskleaster en Kollum hawwe de earste nacht op harren nije lokaasje der wer op sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)