Ynternasjonale fraach nei Fryske drinkwetter-wynmûne

01 okt 2015 - 14:34

Goutum hat it earste eksimplaar fan in wynmûne dy't foar drinkwetter soargje kin. Twa jier lang is de wynmûne test om te sjen oft it wurket om sâlt wetter om te setten yn skjin drinkwetter. En dat is slagge. De mûne is makke troch it ynstallaasjebedriuw Hoekstra út Suwâld.

Ynkoarten sil de mûne ôfbrutsen wurde en ferhuze wurde nei it eilân Johnny Cay yn Kolombia. Yn lannen dêr't gjin drinkber wetter is, kinne minsken sa dochs genôch drinkwetter krije. Per dei kin der mei dizze mûne 400.000 liter swiet wetter produsearje wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)