COA wol ôf fan gesleep flechtlingen en siket gruttere romtes

01 okt 2015 - 12:06

It COA wol in ein meitsje oan it gesleep mei flechtlingen en hat dêrom alle gemeenten yn Nederlân frege om nei te tinken oer gruttere opfanglokaasjes. It leafst wol it COA dat gemeenten de krêften bondelje en dat der per feiligheidsregio inkele grutte lokaasjes beskikber steld wurde dêr't de flechtlingen oant de ein fan it jier bliuwe kinne.

It COA wol hjirmei foarkomme dat der noch langer omsleept wurdt mei de minsken en wol mear struktuer oanbringe yn de opfang.

De oanmeldsintra sitte troch de grutte stroom flechtlingen sa fol, dat oeral yn it lân krisisopfang oanbean wurde moat.

Under oaren de boargemasters fan Hearrenfean en Harns hienen dizze wike krityk op it gesleep mei de flechtlingen. Dy moatte om de pear dagen fan de iene krisisopfang nei de oare.

Trefwurden: 
COA opfang flechtlingen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)