Twa minsken omkaam by slim ûngelok Lauwerseach

01 okt 2015 - 09:43

By in ûngelok op de Marnewei by Lauwerseach binne tongersdeitemoarn twa minsken om it libben kaam. By it ûngelok wienen twa auto's en twa frachtweinen belutsen. Beide slachtoffers sieten yn deselde auto. Oarsaak fan it ûngelok soe de tichte mist wêze. De helptsjintsen rukten manmachtich út.

De Marnewei hat troch it ûngelok oeren ticht west yn beide rjochtingen. Om 14 oere wie de dyk wer frij, melde de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)