Delegaasje It Hearrenfean nei Nepal foar weropbou skoallen

30 sep 2015 - 21:19

In lytse delegaasje fan de stichting Studenten en Musaharproject Nepal fan It Hearrenfean reizget tongersdei nei Nepal om te sjen hoe't it derfoar stiet mei de weropbou fan de skoallen yn dat lân. De skoallen fan de stichting stoarten dizze maaitiid yn by de grutte ierdbeving dy't Nepal doe trof. Sûnt dy tiid is der mear as twa ton ophelle foar nijbou.

Foar de ierdbeving yn april waard der noch feestlik in nije skoalle iepene. Mar nei de ramp is fan de sân skoallen dy't de stichting yn Nepal delsetten hat, net folle mear oer. In diel fan de fûnsen dy't sûnt dy tiid ophelle binne, is stutsen yn de bou fan needgebouwen.

De stichting hie nei de ierdbeving as doel om sa'n 80.000 euro byinoar te swyljen foar weropbou. Mar mei help fan tsjerken en skoallen is al mear as twa ton binnen ophelle. Yn totaal wurde dêr tsien skoallen foar boud.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer reizget mei nei Nepal en docht ferslach foar Omrop Fryslân. Hy is tusken 1 en 14 oktober alle dagen op de radio te hearren yn it programma Geert yn de middei. Fanút Nepal hâldt Gerrit ek in vlog by, dizze is te folgjen op omropfryslan.nl/nepal en op omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)