De Slykwurker stiet wer op syn sokkel yn Swarte Haan

30 sep 2015 - 17:25
  • De Slykwurker yn Swarte Haan stiet wer op syn sokkel

It byld de Slykwurker is woansdei wer op syn sokkel oan de dyk by Swarte Haan set. It brûnzen byld rekke ein juny skansearre doe't it per ûngelok fan de sokkel riden waard troch oannimmers dy't dêr oan it wurk wienen.

De Slykwurker is makke troch keunstner Frans Ram fan Hegebeintum. Hy hat it byld de ôfrûne perioade wer opkalefatere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)