"Bewenners Prader-Willi Hûs stelselmjittich mishannele"

01 okt 2015 - 06:01

Bewenners fan it Prader-Willi Hûs yn Mûnein wurde stelselmjittich mishannele. Dat seit personiel en âld-personiel fan de soarchynstelling. Der wenje minsken mei it Prader-Willi syndroom, dat him foaral kenmerket troch de ûnbetwingbere drang om te iten. De soarchynstelling is yn july al ûnder ferskerpe tafersjoch steld troch de Ynspeksje foar de Sûnenssoarch, omdat der fan alles net yn oarder is. Mar dat minsken mishannele wurde, dêr kontrolearret de ynspeksje net op.

Neffens de minsken dy't wurkje of wurke ha yn it Prader-Willi Hûs wurde bewenners slein, oan it hier lutsen, de trep op- of ôfsleept, op har keamer opsletten en straft troch har te min of gjin iten te jaan. Ien fan de minsken soe yn in 1.80 meter djip swimbad smiten wêze, wylst se sels ûngefear 1.55 meter is en net swimme kin. "Dus se hong oan der râne en se moast yn dat swimbad hingjen bliuwe (...) Hij goaide oare minsken yn it swimbad mei klean en al oan, sette se bûten del oant se blau oanrûnen..."

Bewenners sels doare neat te sizzen oer wat der gebeurt. Se fiele har te bot yntimidearre troch benammen de man fan it stel dat it hûs opset hat, sa sizze meiwurkers en âld-meiwurkers. Dy seit dat de gedrachsproblemen dy't de bewenners ha, ôf te learen binne. As se net dogge wat hy seit, dan folget der straf. Sa soe ien fan de bewenners mei in autistyske stoarnis wolris mei de hannen oan de stoel fêstset wêze mei duct tape, omdat se har hannen net netsjes op de tafel lizze koe: "Dat bern hat alles by elkoar raasd. Want kinst dy foarstelle wat der gebeurt ast duct tape fan earmen helje moast dêr't hierkes op sitte? En dat heart er har balten en dan komt er nei boppen omdat se dêr wer oer raast en dan krijt se dêr wer in pak foar op har miter," sa fertelt in âld-meiwurker.

De eigener fan it Prader-Willi Hûs yn Mûnein wol sels net reagearje. In dokter, dy't spesjalisearre is yn ferstanlik hendikepten, docht út syn namme it wurd en herkent him folslein net yn it byld dat sketst wurdt troch de âld-meiwurkers. Letter dizze moarn folget in langere reaksje.

Op Omrop Fryslân Radio mear oer de mishannelings by it Prader-Willi Hûs yn Mûnein, krekt nei 6.00, 7.00 en 8.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)