Ynwenners Rânestêd te betiid foar Ljouwerter tentoanstelling

30 sep 2015 - 14:44
  • In oaljefant binnenstebûten

De tentoanstelling set offisjeel sneon 3 oktober pas útein, mar dochs stiene der woansdei de earste besikers al op 'e stoepe fan it Natuermuseum Fryslân. De minsken wiene foar de tentoanstelling Animal Inside Out nei de Fryske haadstêd kaam. Troch in flater fan it NOS Jeugdjournaal tochten minsken dat de tentoanstelling hjoed al iepen wie. Mar dat is net sa.

Guon minsken kamen hielendal út Breda en Den Haag nei Ljouwert ta. Foar dizze minsken makke it museum foar ien kear in útsûndering, sy mochten alfêst by de bisten del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)