Komst skilderijen Rembrandt nei Fryslân is ûnwis

30 sep 2015 - 14:10

It is ûndúdlik oft de twa skilderijen fan Rembrandt noch wol op toernee gean troch Nederlân. Hjoed waard bekend dat de beide skilderijen troch Nederlân en Frankryk tegearre kocht binne. Beide betelje dêr elk 80 miljoen euro foar.

De toernee soe de Rembrandts ûnder oaren nei it Frysk Museum ta bringe, om dêr fjouwer dagen útstald te wurden. No't de wurken sawol yn it Ryksmuseum yn Amsterdam as yn Parys komme te hingjen, is it neffens it Frysk Museum ûnwis oft se wol nei Ljouwert ta komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)