Personiel Arriva: Klachten treinpassazjiers binne terjochte

30 sep 2015 - 13:35
  • De trein rydt dit wykein net tusken Ljouwert en Harns

De klachten fan treinpassazjiers fan Arriva oer fertragings, drokte yn de treinen en ûndúdlikheid oer it yn- en útchecken binne hiel faak terjochte. Dat seit in grutte mearderheid fan it personiel fan Arriva. It spoarfakbûn VVMC hat in enkête holden ûnder de leden. Benammen masinisten dienen dêr oan mei. 63 prosint fan de ûnderfrege leden fynt de klachten fan de passazjiers folslein terjochte, 31 prosint is it der soms mei iens.

It treinpersoniel is min te sprekken oer de wize wêrop't de klachten ôfhannele wurde. De measte meiwurkers hearre der noait wer wat fan. Hast de helte fynt dat Arriva net goed of traach mei klachten omgiet. Ferfierder Arriva seit de klachten fan it personiel en de reizgers serieus te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)