De metaalsektor staakt freed opnij

30 sep 2015 - 12:49

Fakbûnen FNV en CNV organisearje freed op 'e nij in grutte staking yn de metaalsektor yn Noard-Fryslân. De wurknimmers út de metaal wurde oproppen om harren om sân oere moarns te melden yn sealesintrum Tivoli yn Ljouwert. Se lizze it wurk dan foar 24 oeren del. Ynset is in nije CAO foar de metaalsektor. De ûnderhannelings dêroer tusken de fakbûnen en de wurkjouwers lizze al in skoft stil. It konflikt draait ûnder oaren om in leansferheging, mear sizzenskip foar wurknimmers en jild foar opliedings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)