Reade Krús net wiis mei bêdebeslút gemeenten

30 sep 2015 - 12:42

It Reade Krús is net wiis mei it beslút fan de gemeenten Hearrenfean en Harns om de bêden foar de flechtlingen foarearst net ôfbrekke te litten. De bêden moatte oan de ein fan de dei yn de nije opfanglokaasjes yn Warkum, Kollum en Gerkeskleaster stean.

De helpynstânsje woe dêrom graach woansdeitemoarn al begjinne mei de grutte ferhuzing fan al it bêdeguod. Mar dat kin net salang't de flechtlingen noch yn de sporthallen yn Harns en It Hearrenfean sitte. It Reade Krús ferwachtet dat it opbouwen fan de bêden no hiel let klear wêze sil.

Trefwurden: 
flechtlingen Reade Krús
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)