Doeksen fiert fingerscan yn

Fêste reizgers fan de fearboaten nei Skylge en Flylân kinne tenei oan board mei help fan in scan fan de fingerôfdruk. Rederij Doeksen hopet dat it opstappen sa rapper giet, mei minder minsken dy't kontrolearje.
No moat de abonneminten foar de oertocht noch mei in hânscanner kontrolearre wurde. In meiwurker moat de pasfoto's besjen, omdat it abonnemint oars stiekem trochjûn wurde kin oan freonen of famylje. It nije systeem mei de fingerôfdrukken wurdt foarearst brûkt as proef.