Man hat foar 300 euro oan fjoerwurk by him

30 sep 2015 - 11:39
  • (foto-ympresje)

In 25-jierrige ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân is moandeitemiddei oanhâlden om't er fjoerwurk by him hie. By in saneamde ANPR kontrôle op de A31, wêrby't nûmerbuorden kontrolearre wurde, krige de plysje de auto fan de man yn de gaten. By kontrôle fan syn bestelauto die bliken dat hy rom trije doazen fjoerwurk yn de laadromte hie. De wearde fan de lading leit rûn de 300 euro. It fjoerwurk is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)