Fytser komt om it libben by in ûngelok yn Lúkswâld

30 sep 2015 - 10:49
  • Ungelok by Lúkswâld

In 73-jierrige fytser fan It Hearrenfean is woansdeitemoarn omkaam by in oanriding op de Lúkster Heawei yn Lúkswâld. It slachtoffer kaam yn botsing mei in auto. De bestjoerder is in 83-jierrige ynwenner fan de gemeente Hearrenfean.

De helptsjinsten wiene manmachtich oanwêzich, mar de help kaam te let. It slachtoffer is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. Hoe't it ûngelok barre koe, wurdt noch ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)