Boargemasters ferbiede it ôfbrekken bêden fan flechtlingen

30 sep 2015 - 10:47

De boargemasters Van der Zwan fan It Hearrenfean en Sluiter fan Harns ferbiede foarearst it ôfbrekken fan de bêden yn de krisisneedopfang yn harren plak. De asylsikers binne noch yn de beide sporthallen oanwêzich. It ôfbrekken fan de bêden sûnder dat bekend is wannear't se fuort moatte jout in soad ûnrêst ûnder de flechtlingen. Pas as de bussen komme om de flechtlingen nei Kollum, Gerkeskleaster en Warkum te ferfieren, jouwe beide boargemasters tastimming foar it ôfbrekken fan de bêden.

Boargemaster Van der Zwan fan It Hearrenfean hat fan alve oere ôf noch oerlis mei ûnder mear it COA en it IND oer de situaasje.

Trefwurden: 
flechtlingen asylsikers COA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)