Lesauto bedarret yn fangrail op de Wâldwei by Drachten

29 sep 2015 - 21:55

Op de Wâldwei N31 by Drachten hat tiisdeitejûn in ûngelok west. Troch noch ûnbekende oarsaak is in bestjoerder fan in lesauto yn de fangrail bedarre. It ûngelok wie iensidich en de bestjoerder is net ferwûne rekke.

De plysje wie gau teplak en hat help ferliend. It ferkear koe oer ien rydstrook trochride. De auto is troch in berger fuortsleept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)