Asbestûndersyk nei brân middenyn wenwyk Droegeham

29 sep 2015 - 19:14

Oan de Slotstrjitte yn Droegeham is tiisdei in garaazje útbaarnd. By de brân is mooglik asbest frijkaam. De brânwacht fan de gemeente Achtkarspelen hat dêrom de buert mei linten ôfset en hat de omwenners ynformearre. Der fynt no in asbestproseduere plak.

Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Trefwurden: 
brân Droegeham asbest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)