Omrop TIP: Hoe is it no mei Norma Miedema en de biste-opfang

29 sep 2015 - 15:11

Op snein 7 juni stoart de wrâld fan Norma Miedema yn. Har libbenswurk, de biste-opfang Norma's Universum yn Ferwert, baarnt folslein ôf. Tsientallen bisten, benammen katten en fûgels, komme om. Der wurdt fuortendaliks in grutte lanlike ynsammelaksje opsetten, dat smyt mei-inoar 100.000 euro op. Begjin septimber wurdt bekend dat Norma ferhuzet nei it Grinzer Noordhorn.

Ferslachjouwer Janko Krist folge Norma de lêste moannen op 'e foet. Yn fjouwer reportaazjes is te sjen hoe't it bistefreon Norma fergie en hoe't it no is. It is de hiele wike, fan moandei oant en mei tongersdei, te sjen yn Bynt. Sjoch hjirûnder de earste en twadde ôflevering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)