Stielferwurker Nederhoed op It Hearrenfean fallyt

29 sep 2015 - 13:42

Stielbedriuw Nederhoed op It Hearrenfean is tiisdei fallyt ferklearre. Memmebedriuw Heilig út Heerhugowaard hat it fallisemint oanfrege by de rjochtbank fan Alkmaar. Neffens Marieke Heilig fan it memmebedriuw smyt Nederhoed al jierren gjin jild mear. Dêrom wolle se der net mear mei fierder.

De fakbûnen komme tsjin de fallisemintsoanfraach yn ferwar. Sy sizze dat Heilig it bedriuw op It Hearrenfean sûnder oerlis it ôfrûne wykein al leechhellle hat. By Nederhoed wurken 27 minsken.

Heilig wol net sizze hoe't it no fierder moat mei de 27 meiwurkers.

Trefwurden: 
Nederhoed fallyt stiel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)