Minne rapportsifers foar Fryske HBO-skoallen

29 sep 2015 - 10:22
  • De NHL yn Ljouwert

De Fryske hegeskoallen dogge it min. Dat falt te lêzen yn de jierlikse HBO-keuzegids dy't tiisdei ferskynt. De trije Ljouwerter HBO's steane ûnder oan de list fan hegeskoallen. De keuzegids wurdt makke op basis fan enkêtes ûnder studinten en eksperts. Yn Ljouwert wurdt benammen klage oer de fasiliteiten en it tal kontaktoeren.

Neffens de studinten soene de fasiliteiten hjir matich wêze, en soe der te min kontakt wêze tusken dosinten en studinten. De grutste soarch is der oer de learare-opliedings en de opliedings yn de soarch.

De skoallen dogge it wol goed by de technyske opliedings. Der binne no noch trije HBO-hegeskoallen yn Ljouwert. Twa dêrfan, de NHL en Stenden, binne mei-inoar oan it fusearjen. Hegeskoalle NHL is net skrokken fan de minne beoardieling yn de HBO keuzegids. Ek ferline jier wiene der al lûden dat studinten de hegeskoalle net op alle punten goed fûnen. Oan de minpunten wurdt neffens de NHL drok wurke, mar dit kostet tiid, sa lit de skoalle witte. De problemen soene benammen te krijen hawwe mei it hieltyd gruttere oantal studinten dat in oplieding oan de hegeskoalle folget. Hjir moatte saken op oanpast wurd, en dat kostet tiid. De ferwachting is dat de Fryske hegeskoallen takommend jier better skoare sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)