Kristlike basisskoalle Marrum wurdt opknapt

29 sep 2015 - 09:36

CBS De Aasterage yn Marrum wurdt folslein opknapt. Der wienen earder plannen foar it slopen fan it gebou omdat der in nagelnij multyfunksjoneel sintrum foar yn plak komme moast. Dat waard troch lokale ûndernimmers en âlden fan bern dy't op de skoalle sitte tsjinholden.

It is duorsumer om it gebou te behâlden en te renovearjen. Ien fan de âlden dy't by farvebedriuw Sikkens wurket, naam it inisjatyf om it gebou te skilderjen. Oannimmer Kolthof út Stiens docht it bouwurk. Der binne nije kezinen kaam, in nij dak en in nije gevel.

Mei de hjerstfakânsje moat it wurk klear wêze. Oant dy tiid krije de bern les yn it doarpshûs en yn needlokalen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)