Mooglike gearwurking Dockinga mei skoalle yn Fulda

29 sep 2015 - 08:49
  • Dockinga College yn Dokkum

It VMBO fan it Dockinga College yn Dokkum ûndersiket gearwurking mei de Realschule út Petersburg Fulda yn Dútslân. Dosinten fan dy skoalle wiene in pear dagen yn Dokkum om mei te rinnen op it Dockinga College.

De Dútske leararen wienen benammen fernuvere oer it feit dat hast alle learlingen yn Dokkum mei de fyts nei skoalle komme. Yn Fulda komme heechút tsien fan de achthûndert bern op 'e fyts nei skoalle. De kommende moannen wurdt ûndersocht hoe't de gearwurking der krekt útsjen sil.

Dokkum en Fulda hawwe as stêden al langer in freonskipsbân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)