Kollum: "De wet fan Murphy"

29 sep 2015 - 08:29

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Op dit stuit wurket Schoorstra oan in roman oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"Ofrûne sneon wie der fan alles te rêden yn it hiele Fryslân. De betinking fan de slach by Warns, Google Translate dei yn Grins, it útrikken fan de Gouden Gurbes yn Snits. Sels wiene wy nei de Michaelismerk yn Weener, Eastfryslân. Ast Weener trouwens op syn Ingelsk útsprekst, wurdt it krekt wat smeuïger. Krijt in Weener schnitzel ynienen ek in hiele oare betsjutting.

Mar dêr woe ik it net oer ha. Wol oer de wet fan Murphy. In wet dy’t men ûndergiet, dy’t jin oerkomt. Dy’t him ôfrûne sneon yn folle gloarje oan ús iepenbiere. Doe’t wy fan de merk weromkamen en yn de auto stapten, hearden wy nei in lyts eintsje riden in nuver lûd. En om’t soks mei in auto meastal in feech teken is, setten wy it fehikel drekt oan ’e kant. In slach der omhinne, mei in sabeare kennerseach derûnder sjen, neat bysûnders. Men stapt wer yn en in pear hûndert meter fierder heart men net allinne in alderheislikst leven, as sit it Weener drumkorps ûnder de wein, mar begjint dy ek as in hynder te bokken. It is op dat stuit dat de oksels begjinne te klotsen.

O sa foarsichtich stjoert men de boel op de flechtstrook. Dêr herhellet him itselde ritueel, mar net nei’t wy in gefaretrijehoek delset ha en in pear fluorhesjes oanlutsen. Om gjin fierdere risiko’s te nimmen beslute wy om de helptsjinst te beljen. Nei fiif kear besykjen, wêrby’t it alarmnûmer hieltyd driftiger yntoetst wurdt, is it risseltaat aloan itselde: gjin reaksje. Omdat ik ûnderweis in praatpeal sjoen ha, begjin ik knoffeljendewize, want yn de skeane bern achter de fangrail, it paad werom te bonkeljen. In kilometer wurdt twaenheal, en mei it swit tsjok op de rêch til ik it klepke omheech en druk mei in fielen fan ferlossing de alarmknop yn.

Neat. Sa dea as in drol. Ut kleare frustraasje druk ik noch tsien kear, mar de peal swijt yn alle talen, sels yn it Dútsk. Mar krekt as ik kontakt sykje mei it thúsfront komt der ynienen in stim út de peal. Ik krij it ding mei beide hannen beet en treau de kop deryn. Ja, se witte dat it net goed wurket, mar wat binne de problemen? Ik lis it yn ’t koart út, en krekt as de fraulein myn namme notearret, jout de peal it wer oer. Ynienen besef ik wêr’t de útdrukking ‘foar peal stean’ wei komt. Mei de hope dat se yn alle gefallen de lokaasje trochkrigen hat, strampelje ik werom.

In kertier letter daget de polizei op. De mannen binne wakker behelpsum en belje in sleeptsjinst. Se tsjutte ús mei it each op de feiligens yn de auto sitten te gean, want it begjint al tsjuster te wurden. Wy ha ús amper deljûn, of der klinkt in ûnhuerige klap. Blykt dat in sierdop fan ien fan de foarbyrazende auto’s lossketten is en tsjin uzes oanflein. De wet fan Murphy wurket op folle toeren… Hawar, de sleeptsjinst komt en set ús by it earste tankstasjon oan de Nederlânske kant fan de grins ôf. Lang om let slagget it om dêr kontakt mei de helptsjinst te lizzen, mar nei’t it frommeske in pear kear hallo? hallo? sein hat en ik donkerpears oanrin fan it razen fan wa’t ik bin, ferbrekt se de ferbining.

Op sa’n momint wol men it leafst yn in strúkje lizzen gean en it wetter rinne litte. No is dat earst lekker waarm, mar letter kuollet it bot ôf, dus weaget men mei de moed der wanhoop noch mar in skot. Dy kear slagget it en tweintich minuten letter stiet ús de helptsjinst foar de noas. It blykt om in stikkene lager fan in achtertsjil te gean. Ter plekke meitsje is gjin opsje, dus krije wy ferfangend ferfier oanbean. Dêrta reizgje wy earst mei it hiele spul nei Pekela, om dêr yn in persoaneauto oer te stappen en nei Stadskanaal te riden. Yn Knoal stiet in ferfangende auto klear.

Sa gear as in pûn moal sette wy út ein, beselskippe fan Witte Wieven. Ja, it wie hartstikke dizich. Om healwei ienen binne wy thús en kinne wy einlings in bierke dopje. Moraal fan dit ferhaal: dy is der net. Allinne it gegeven fan de wet fan Murphy: as it in kear mis gean kin, giet it ek in kear mis."

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)