COA wiist krityk Van der Zwan fan 'e hân

28 sep 2015 - 23:19

It COA wiist krityk fan boargemaster Van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean fan 'e hân. Van der Zwan hat krityk op de wize wêrop't flechtlingen nei opfanglokaasjes brocht wurde. Ek fynt hy dat de registraasje net goed ferrint en dat flechtlingen net rap genôch dúdlikheid krije oer wêr't se nei de needopfang ferbliuwe sille.

Yn in skriftlike reaksje jout it COA oan dat de flechtlingen wol op sekuere wize registrearre wurde. It COA giet net yn op de soargen fan Van der Zwan oer hoe't flechtlingen mei nei opfanglokaasjes brocht wurde.

Om't der grut ferlet is fan streekrjocht kontakt tusken gemeenten en it COA, is der no in spesjale helpdesk ynrjochte dy't tillefoanysk en oer de mail te berikken is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)