Winst Jong Hearrenfean, Jong Cambuur ferliest

28 sep 2015 - 22:22

Jong Hearrenfean hat yn in net geweldige wedstriid mei 2-1 wûn fan Jong VVV/Helmond Sport. Jordy Buijs rekke earst út in frije traap de latte, letter makke hy op oanjaan fan Branco van den Boomen de 1-0. Dat wie in de 45e minút. Yn de ekstra tiid soarge Marc Koot noch foar de lykmakker. Mitchell te Vrede soarge mei in kopbal yn de twadde helte foar de winst.

Jong Cambuur gong mei 3-1 ûnderút by Heracles Almelo. Nei de 1-0 fan Gino Bosz makke Nygel Velder de Ljouwerter lykmakker krekt nei it skoft. Dêrnei rûn Heracles út nei 3-1.

Nei de 2-1 fan Jong Heracles (Julian Wolf), krige Rowdy van der Putten fan Cambuur in kertier foar de ein in reade kaart. Doe wie it ferset fan Jong Cambuur brutsen.

Moandei 5 oktober spylje Jong Cambuur en Jong Hearrenfean om 18.30 oere yn it Cambuur stadion tsjinelkoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)