Harnzer gemeenteriedsleden tefreden oer needopfang Waddenhal

28 sep 2015 - 21:47

Harnzer gemeenteriedsleden woene moandeitejûn mei eigen eagen sjen hoe't it der oan ta giet by de needopfang fan de 160 flechtlingen yn de Waddenhal. Se binne goed te sprekken oer de opfang. De organisaasje ferrint goed, fine se.

Tefredenheid dus, mar oft der op 'e nij in needopfang komme moat, dêr litte se harren net oer út. Woansdei is der in gemeenteriedsfergadering. Nije needopfang stiet dan lykwols noch net op de aginda.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)