Man mei wûne oan de achterholle fûn yn Ljouwert

28 sep 2015 - 17:40

De plysje siket tsjûgen fan in swiere mishanneling op it Ruterskertier yn Ljouwert, ôfrûne sneontenacht. Aginten fûnen in manlik slachtoffer yn de buert fan de Hema. Hy wie út de tiid rekke en hie in wûne oan de achterholle. De man is oerbrocht nei it MCL sikehûs yn de stêd, en koe nei behanneling wer nei hús. Op bylden fan in bewakingskamera is te sjen dat in fertochte it slachtoffer in triuw jout. De kamera ferspringt dêrnei, wêrtroch it net dúdlik is wat der dêrnei bard is. Der is in 29-jierrige fertochte oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)