Frysk bedriuw krijt grutte Amsterdamse opdracht

28 sep 2015 - 17:30

It bedriuw De Boer en De Groot Civiele Werken út Harns hat in spesjale oanbesteging tasein krigen fan de gemeente Amsterdam. Se binne de bêste fan trije bedriuwen dy't harren ynskreaun hiene foar de opdracht. It giet om in grutte opdracht dêr't de gemeente mar leafst 2,6 miljoen euro foar reservearre hat.

It Oosterdokseilân, dat leit tusken de binnenstêd fan Amsterdam en it IJ, is ta oan in nije steger en it Harnzer bedriuw mei dizze ûntwerpe en meitsje. Neffens de gemeente Amsterdam hat it bedriuw út Harns it bêste ''stoere'' ûntwerp.

It ûntwerp wie dêrnjonken ek nochris de goedkeapste mei 2,2 miljoen euro. De steger wurdt in spesjale ''driuwende'' kuiersteger en is in ûnderdiel fan it projekt ''Jetty Oosterdok''. It projekt hat it doel om it eilân oantreklik te meitsjen foar bewenners en besikers. It eilân is folslein rjochte op moderne arsjitektuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)