FIDEO: Genôch jild ynsammele foar rige oer it Fryske hynder

28 sep 2015 - 16:39
  • In Frysk hynder
  • It Fryske hynder yn de Hollywood-film 'Legend of Zorro'

Nei in suksesfolle crowdfundingsaksje hat Omrop Fryslân genôch jild by inoar helle foar in fjouwerdielige searje oer it Fryske hynder. De dokumintêre 'It Swarte Goud' sil gean oer de ynfloed fan it Frysk hynder oer de hiele wrâld. Der sil dan ek yn ferskillende lannen filme wurde, ûnder oare Amearika, Sina en Súd-Afrika. Troch crowdfunding en donaasjes is de begrutting no rûn. Der is ûnder oaren in syktocht yn te sjen nei it Fryske hynder út de film 'Legend of Zorro'. De rige is fan jannewaris 2016 ôf te sjen yn it programma Fryslân DOK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)