CJIB-kantoar yn Ljouwert platbelle om falske ferkearsboetes

28 sep 2015 - 14:04

Der wurde op grutte skaal fraudeard mei falske ferkearsboetes. It Centraal Justitieel Incassoburo yn Ljouwert krijt alle dagen hûnderten tillefoantsjes fan minsken dy't in boete tamaild krigen hawwe dy't hast net fan echt te ûnderskieden is. It offisjele CJIB-logo stiet derboppe en de teksten binne oernaam fan de offisjele boetes.

It is net dreech om derachter te komen oft de boete echt is of net. Sa komt in offisjele boete nea oer de mail, seit it CJIB. De ferfalsking fermeldt ek net it plak dêr't de misstap begien is en it kenteken.

It CJIB hat op har webside in oantal foarbylden fan nepmails.

Trefwurden: 
boete CJIB fraude
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)