"Underhâld Groene Draeck kin folle goedkeaper"

28 sep 2015 - 12:14
  • De Groene Draeck fan prinses Beatrix op 'e Lemmer

Sailcharter Friesland begrypt neat fan de kosten dy't it kabinet rekkenet foar prinses Beatrix har sylskip De Groene Draeck. De Fryske platboaiemferhierder seit hiel goed te witten wat de kosten fan ûnderhâld fan sa'n skip binne en dat komt net iens yn 'e buert.

It kabinet set it ûnderhâld fan De Groene Draeck op 95.000 euro. Neffens Sytse Kooi fan Sailcharter Friesland is dat 60.000 euro tefolle. Hy tocht earst dat de bewaking en it salaris fan de skipper dêr ek by sieten, mat dat is net sa. It ûnderhâld kin foar 30.000 euro, seit Kooi.

SP-Twadde Keamerlid Ronald van Raak frege ôfrûne wike oan it Fryske bedriuw hoe heech oft de ûnderhâldskosten fan in sylskip yn it jier binne. Van Raak freget no dúdlikens fan de premier oer de hege begrutting fan De Groene Draeck.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)