Harns wit noch net wêr't flechtlingen hinne gean

28 sep 2015 - 10:39

Yn de gemeente Harns is noch neat bekend oer de bestimming fan de goed 140 flechtlingen dy't opfongen wurde. De krisiopfang rint woansdei ôf, mar it is de gemeente noch net slagge te achterheljen wannear't de minsken krekt fuortgean en wêrhinne. Harns seit foarearst noch gjin nee tsjin in nij fersyk foar opfang, yn tsjinstelling ta de gemeente Hearrenfean. Sy wolle nei woansdei evaluearje en mei de ried yn petear.

Riedsleden fan Harns binne útnoege om moandeitejûn nei de opfang te kommen en te sjen hoe't it dêr giet.

De organisaasje fan de opfang is in behoarlike druk, mar yn Harns rint it goed troch help fan in soad frijwilligers en buorgemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)