FNV lilk oer leechheljen stielbedriuw Nederhoed

28 sep 2015 - 09:05

Fakbûn FNV is lilk op de direksje fan it stielferwurkingsbedriuw Nederhoed op It Hearrenfean. It ôfrûne wykein hat de direksje, it konsern Heilig út Heerhugowaard, alle administraasje ophelle fan It Hearrenfean en it bedriuw op slot set.

Heilig wol nei alle gedachten it fallissemint oanfreegje fan Nederhoed. Dat soe betsjutte dat de 27 meiwurkers dien krije. In bedriuw leechhelje flak foardat der in fallissemintsoanfraach oankomt, mei net. Mocht de oanfraach meikoarten foar de rjochter komme, dan sil FNV de gong fan saken oankaarte.

Oant no ta hawwe oerlizzen tusken FNV en Heilig oer salarisbetelling en regelingen foar de meiwurkers fan Nederhoed neat opsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)