Wetterynstitút Wetsus al yn gebrûk, mar no offisjeel iepen

28 sep 2015 - 08:14

Ald-boargemaster fan Ljouwert Margreeth de Boer iepenet moandeitemiddei it nije gebou fan Wetsus. De Boer is ek âld-bestjoersfoarsitter fan it sintrum foar wettertechnology.

It nije gebou stiet op de wetterkampus yn it sintrum fan Ljouwert. It is al in pear moanne yn gebrûk. Neist Wetsus meitsje twa oare ynstellings dy't mei wetter te krijen hawwe ek gebrûk fan it gebou. It feest wurdt fierd mei ûnder oare in sympoasium yn De Harmonie yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)