Andrea Deelstra pleatst har foar Olympyske Spelen

27 sep 2015 - 17:07

Hurdrinster Andrea Deelstra, lid fan AV Hearrenfean, hat har pleatst foar de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Mei help fan har Boalserter hazze Erik Negerman rûn se yn de maraton fan Berlyn in tiid fan 2.26,46. Dat wie mear as in minút ûnder de limyt fan 2.28. Ek rûn se seis minuten fan har persoanlik rekôr ôf.

Willem de Boer fan Eksmoarre sette ek in goede prestaasje del. Hy rûn in tiid fan 2.29,45. Dêrmei rûn hy ek in nij persoanlik rekôr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)