Rotaryclub jout bern kâns om te sporten

27 sep 2015 - 16:53
  • Badminton

Sa'n 100 ekstra bern fan It Hearrenfean krije de kâns om lid te wurden fan in sportferiening, troch in bydrage fan 25.000 euro fan de Rotaryclub fan Oranjewâld en It Hearrenfean oan it Jeugdsportfonds Friesland. It fûns krige de sjek fan de bydrage snein oerlange.

De Rotary helle it bedrach op troch it organisearjen fan ferskate aksjes. Leden fytsten fan 't maitiid fan Pescara nei Rome. It jeugdsportfûns jout bern en har âlden dy't it sels net betelje kinne, in bydrage yn de kosten foar de kontribúsje foar in sportklup.

Ek kinne sy stipe krije foar it keapjen fan sportskuon of klean. It Jeugdsportfonds ferwachtet dit jier meielkoar sa'n 2.300 bern en har âlden te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)