Hearrenfean nimt gjin nije flechtlingen op

27 sep 2015 - 16:31
  • Flechtlingebern yn de needopfan op It Hearrenfean

De gemeente Hearrenfean nimt nei woansdei gjin nije flechtlingen mear op. De gemeente begjint tsjin syn grinzen oan te rinnen by de opfang. Dat seit boargemaster Tjeerd van der Zwan.

Op It Hearrenfean wurde in lytse 200 flechtlingen opfongen yn de Blauw Wit sporthal. It giet om in krisisneedopfang. Tongersdei kamen de flechtlingen. Dy soene earst 72 oeren bliuwe, mar dat is al ferlingd nei hast in wike. Mei de flechtlingen sels giet it nei omstannichheden goed neffens Van der Zwan.

As de tydlike needopfang nochris ferlingd wurdt, hat de gemeente in serieus probleem. De opfang nimt in soad ynset fan amtners fan Hearrenfean en omlizzende gemeenten. It leit in grut beslach op alle frijwilligers. Boargemaster Tjeerd van der Zwan hat bot argewaasje fan de ûnwisse situaasje oangeande de 200 flechtlingen yn de krisisopfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)